Dit jier sil it grutste Frysktalige popfestival Aaipop foar de 25ste kear hâlden wurde. Omdat de organisaasje altyd wat let is mei de nammen fan de bands hjir alfêst in pear dy't jim seker hearre kinne op peaskemoandei yn Nijlân. Wy sille dizze list grif noch oanfolje.
Hy is wer op de radio fan fannemoarn 7.00 oant jûn 18.00 kinne jo harkje nei de Fryske top 100. De list dy't wy earder publisearden doocht net hielendal. De ferklearring fan de mannen fan de Omrop is dat dy list hiel rap yn elkoar flanst is foar de weekkrant. De finale stimdei is der letter noch bykaam. Yntusken is it hûnekopnûmer Iets dwars gearfoege. De nûmer 16 tegearre mei 48 komt op 12 út. Dat seit ek wol wat oer it ferskil yn stimmen tusken de earste 16 en alles dêrnei. Us foarspelde top 10 stiet ek wer faai wat foar de spanning fansels wol moai is. Grutte ferliezers binne der fansels ek want Rare fûgel fan Jehannus Kats Veenstra en Berenburg fan de Hûnekop binne út de list ferdwûn. Dêr stiet tsjinoer dat Rooie star, Simmer 2000 en Dyn stapke der no wol yn stean. Yn de troch ús earder al publisearre top 10 wiene allinnich de nûmers 10 en 9 fan plak wiksele. Us ynformaasje kloppe dan ek frij aardich.
Neffens Omrop Fryslân is Hyves de grutste sosjale side yn Fryslân. Us ûnderfining is al in bytsje oars. Wy hawwe op ûngefear it selfde momint in hyvesside en in facebookside iepene foar de Fryske muzyk. Us Facebookside krijt folle mear oanmeldings. Dêrneist is Facebook al wol beskikber yn it Frysk wylst Hyves dêr noch gjin niget oan liket te hawwen. Om de Fryske muzyk webside ek wat sosjaler te meitsjen hawwe wy it no as test mooglik makke om kommintaar te jaan op alle albums yn ús databank. Dat kin ienfâldich fia facebook. Gean op ús side nei in album dat jim leuk fine en jou ûnderoan de side fuortdaalks efkes in leuke reaksje.
Omrop Fryslân stjoert ek dit jier wer op âldjiersdei de Fryske top 100 út. De nûmer 11 oant 90 binne al frijjûn mar wy hawwe út betroubere boarne ek de bêste 10 al foar jo op in rychje setten. Der binne gjin nije ferskes de top 10 yn kaam. Wol is de folchoarder in bytsje feroare. De top 3 is krekt sa as foarich jier mei Gurbe Douwstra syn Cliffs of Moher op 1, Die twa mei Fûgels op 2 en Marije Maria fan Reboelje op 3. Strawelte's mem fan Doutzen is in pear plakjes sakke en Frederike Kleefstra en Gezina van der Zwaag binne omwiksele. No is dizze top 100 noch ûnder foarbehâld want Omrop Fryslân hat in flaterke makke. It ferske Iets dwars fan de hûnekop stiet der nammentlik 2 kear yn. Ien kear op plakje 16 as Der sit dy iets dwars en ek noch op 48 as iets dwars. Telle de Omroppers dy stimmen by elkoar op dan soe it mar sa kinne dat dit nûmer de top 10 binnen stoarmet. Fansels is der dan ek foar de (no noch) nûmer 101 noch in plakje oer yn de top 100. Hjirûnder de folsleine list.
Sneon 17 desimber stiet Fryskemuzyk.nl op de Burgumer sjongersjûn yn Kiehool. De doar is iepen fanôf 20.00. Der binne optredens fan Doede Bleeker, Marcel Smit, Emiel fan de Hûnekop, Jan de Vries en Foeke van Bruggen. Dêrneist kinne jo live in cd as dvd by ús keapje.

Theo Douma, de sjongende hûsdokter fan de Rottefalle, dy't tegearre mei syn broer diel útmakke fan de band Oerémis en fan duo Douma en Douma is sneon ferstoarn. Hy wie al langere tiid slim siik mar likernôch hat duo Douma en Douma 14 dagen ferlyn noch in optreden fersoarge. Wat no noch oerbliuwt binne de prachtige ferskes fan de fjouwer cd's, twa fan Oerémis en twa fan Douma en Douma. De lêste is dit jier noch presintearre. Wy winskje alle neibesteanden in soad sterke ta by it ferwurkjen fan dit ferlies.
De Fryske rebellen fan Jarretank stopje op 16 desimber mei harren band. De bandleden krigen it te drok. Sjonger Melle Stienstra giet mei twa oare leden fierder yn de hardrockband Smoking gun. De beide oaren begjinne in hardcore projekt. Op 16 desimber sil der noch in ôfskiedskonsert hâlden wurde yn thúshonk it badhûs yn de Westereen. Dêrnei bliuwt allinnich de cd noch oer.
12 novimber komt Sinteklaas wer yn it lân. Dat betsjut dus leaf wêze, tekeningen meitsje en ferskes sjonge. No hawwe wy út betroubere boarne fernaam dat Sinteklaas hielendal wei is fan Fryske ferskes. It treft dan ek dat de cd Fryske ferskes foar Sinteklaas hielendal fol stiet mei prachtige âlde en nije Sinteklaaslietsjes. Foar minder as tsien euro leit er al by jo yn de brievebus. Sinteklaas is ús held.
Freed 14 oktober presintearret it Fryske duo Die twa harren twadde album dat de tapaslike namme Twasprong meikrigen hat. It is de opfolger fan de súksesfolle cd Die twa. Op dizze cd stiet ek in ferske dat de mannen fan Die twa ynstjoerd hawwe foar it nasjonaal songfestival. Yn totaal stean der 12 ferskes op wêrûnder fansels it al bekende nûmer Eachkontakt dat alle dagen wol op de radio te hearren is. Bestel de cd rap yn ús webwinkel dan stjoere wy him fuort nei dat er presintearre is nei jo ta. Jo hoege fansels pas te beteljen neidat de skiif yn jo besit is.
Alles wat de Hûnekop oanrekket liket yn goud te feroarjen. Sa stiet harren earste cd Raast oan 'e protters al hast in jier lang rojaal boppeoan yn de Fryske album top 100. Harren twadde album, Wanklanken fan 'e wurkflier, kaam binnen op 14 mar stiet yntusken ek stevich yn de top 10 ferankere en ek mei de Fryske Cash cd hawwe hja it skopt oantemei plakje 3. Dêrmei stean alle cd's mei in Hûnekopliet derop yn de top 10 fan bêst ferkochte albums fan ús folsleine muzykwinkel. Wy sjogge de beide lêste cd's ek noch wol fierder klimmen dat wa wit steane hja ynkoarten wol 1,2,3. De spanning is om te snijen yn elk gefal sa bovenyn de top 100.
Fannemiddei hawwe wy efkes op besite west by Emiel fan de Hûnekop. Fan no ôf hawwe wy harren twadde cd Wanklanken fan 'e wurkflier dan ek op foarrie. Sneon wurdt de cd presintearre yn Burgum en de yn it foar bestelde eksimplaren geane dan snein al nei de brievebus. Kinne jo dus net sels nei it hûnekopfestival yn Burgum as wolle jo net de hiele jûn omtôgje mei de cd en 'm hiel thús krije? Bestel 'm dan hjoed noch yn ús webwinkel. Earst efkes harkje kin fansels ek want der stiet fan elk nûmer al in fragmintsje op.
